Tsjerkegong op sneintemiddei

Johan Veenstra
Nei de katalogus

Wat kin in minske op in suterige sneintemiddei better dwaan as nei tsjerke? En dan harkje nei skriuwer en ferteller Johan Veenstra en it frouljuspopkoar Blinder yn de tsjerke fan Easterlittens. Ofrûne snein ha ik myn middei sa op in noflike wize trochbrocht. Veenstra is fansels in echte Stellingwarver en om ’t wy fan de klaai sokke minsken net dageliks hearre hat er him oanpast yn syn tempo. En doe wiene syn ferhalen goed te ferstean foar Friezen, dy ’t fan hús út hast allegear twa- of trije-talich binne. Lieten en ferhalen wikselen mekoar ôf.  Nei it skoft hat Veenstra twa ferhalen ferteld út syn nije boek “Mit et waeter veur de dokter”. Earst in serieus ferhaal om ’t it net allinich feest is yn it libben. Mar hy einige mei in erotysk ferhaal oer Minne en Wietske. En al fiele jo bytiden oankommen wêr ’t it ferhaal op ta giet, it bliuwt in feest om nei dizze man te harkjen. Hy woe yn it skoft ek mei alle wille foar my poseare mei syn boek. Foar de minsken dy’t der nocht oan hawwe om Stellingwarfs te lêzen is it boek fansels te lien by de bibleteek.

Wolst in moai ferhaal hearre fan Johan Veenstra dan it you-tube filmke mar eefkes oanklikke.

http://www.youtube.com/watch?v=D0IFe36fiHc

Laat een reactie achter

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Scroll naar boven