De helende kracht van acceptatie

Naar catalogus
Naar catalogus

In skoftke lyn op freed wie der in lêzing fan Annemarie Postma yn de Thomastsjerke fan Katlijk. Ik hie noch nea fan Annemarie heard dus doe’t se my frege om mei hie ik dan ek gjin idee wêr ’t we op ta soenen. Doe ’t se fertelde dat Annemarie yn in rolstoel sit miende ik te witten wa ’t it wie. Mar ik hie Esther Vergeer yn de holle en dy wie it dus net. De lêzing hie de namme: ‘Leven in acceptatie’ en waard organisearre troch ‘Leef je licht!’ Doe ’t we yn it propfolle tsjerkje sieten  en Annemarie oan har lêzing begong frege se wa ’t har koe fan de Friesland Post.  Der gongen aardich wat fingers de loft yn en it blykt dat se dêr in kollum yn skriuwt. It wie in moaie jûn mei in nijsgjirrige lêzing. Oer hoe ’t ús libben rjochte is op sekerheid en kontrôle en oer de krêft fan it loslitten. Akseptaasje fan it libben yn plak fan tsjin de natuerlike stream fan it libben yn te gean. Doe’t ik de wike dernei wer oan it wurk wie ha ik ris sjoen hokker boeken de bibleteek fan Annemarie hat en dat binne der nochal wat. Wolsto nei it lezen fan dit blog mear fan har witte en leze dan kin dat sûnder in boek te keapjen, se binne by ús te lien.  En de Friesland Post ek.

Laat een reactie achter

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Scroll naar boven