Sneue boeken yn de byb

Der binne fan dy boeken mei in hiele moaie ynhâld mar de bûtenkant sjocht der net sa út. Ast it lizzen sjochst tinkst net daliks; dy nim ik mei! Dizze wike ha ik sa ’n boek lêzen. It is skreaun troch Barbara Mutch en de titel is: De kleur van haar hart. In prachtige debútroman oer swart en blank, oarloch en frede, muzyk en stilte. It spilet yn Súd-Afrika yn de earste helte fan de 20ste iuw.

Naar catalogus
Naar catalogus

Neffens de útjouwer is it boek krekt sa ûnferjitlik as ‘Een keukenmeidenroman’ fan Kathryn Stockett. Ik bin wol benijd as jim dat ek fine.

Ek sa ’n sneu kaft hat de ‘De Vogelpoort’ fan Katie Hickman. In historyske roman oer in studinte dy ’t ûndersyk docht nei in Britse delegaasje dy ’t yn 1599 in besite brochten oan de sultan fan it Ottomaanse ryk. In byldzjend ferhaal, spannend, romantysk, fol yntriges en tige noflik om te lêzen. Dit boek is letter nochris útjûn mei in better kaft.

Kinsto ek sa ’n boek dat de muoite wurdich is mar wêrfan ast oan de bûtenkant net sjen kinst dat it wat is? Lit it witte, dan neam ik se yn in folgjend blog sadat se net ferstofje yn de bibleteek.

Laat een reactie achter

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Scroll naar boven