Ik lei justerjûn nei in tige slagge filosofylêzing yn bibleteek Snits lekker op bêd te lezen. Efkes de sinnen fersette want oars is it noch sa drok yn de holle. Ynienen hearde ik it lûd fan poatsjes flak boppe myn holle. Ik skeat oerein as wie ik stutsen en myn oare helte dy ’t krekt yn de earste sliep wie skrok wekker. En net samar wekker …. nee hy lei stiif fan de stress. ‘Wat is der oan’, rôp er. ‘Ik hearde wat oer myn kessen draven’ sei ik en tocht oan in mûs of sa. Foarsichtich helle ik myn kessen fuort en dêr draafde er hinne, in hiele dikke spin. Fuortendaliks smiet ik it kessen der wer boppe op en drukte it stiif oan. Mar in kessen yn in matras fuortdrukke dat slagget samar net en doe ’t ik wer seach woe er útnaaie. De oare helte hat doe it kessen der op drukt en ik bin fuort west om papieren bûsdoeken om it bist mei dea te meitsjen. (Ja, ik wit dat jo sa ’n bist ek bûten bringe kinne mar jim hawwe dit eksimplaar net sjoen, brr. Fan de measte spinnen hearre jo de poatsjes net!) Ik ha ‘m krigen al koste it wol wat muoite en in skjin kessensloop. Bah, wat jout dat in rommel. Grize blubber kaam derút it bist, ik koe der hast net fan sliepe letter. Earder yn de wike hiene we ek al sa’n grouwe jonge fan de sliepkeamerssouder helle en meastentiids binne se mei syn twaën. Ik hie dan ek al wakker socht om nûmer twa mar him net fine kinnen. Oant justerjûn dus. Fansels hawwe we yn de bibleteek boeken oer spinnen, sjoch hjir mar ris.
Wolst ek noch witte hokker boek as ik oan it lezen wie? ‘Villa Triste’ fan Lucretia Grindle in spannend boek oer de oarloch yn Florence en twa moarden dy’t no plak fûn hawwe en de konneksje dêr tusken. Lekker spannend.
Dat neame wy in spin op klompen. Dy hat my alris yn ‘e sliep oer myn hals draaft. Doe’t ik der wekker fan waardt, siet hy op it kesen neist my. Lekker wekker wurde 😉